Jeugd Dongeradiel agressiver

© Omrop Fryslân
Learlingen fan skoallen yn Dongeradiel wurde hieltyd agressiver. Dosinten hawwe de hannen fol om se yn de stringen te hâlden. Dat docht bliken út in ûndersyk nei it ôfrûne skoaljier.
De learlingen yn Dongeradiel brûke ek hieltyd mear softdrugs op hieltyd jongere leeftyd. Dat leveret thús grutte problemen op. Alden kleie dat har bern ûnhandelber wurde. Fierder is it skoalfersom bot tanommen, ûnder mear troch in ferkearde skoalkar.