Langer oan it wurk by Oostergo

18 des 2003 - 00:00

De wurkplakken by Oostergo Bedrijven yn Dokkum bliuwe langer bestean as pland. Alle meiwurkers soenen foar ein 2006 wurk yn it reguliere bedriuwslibben ha moatte.

Dat bart no yn twa fazes. Doel is om op syn heechst santich prosint fan de meiwurkers ergens oars ûnder te bringen. De ynterne produksje bliuwt foarearst foar in part yn stân by Oostergo Bedrijven yn Dokkum.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)