Ferkearsproblemen yn atlas

18 des 2003 - 00:00

Yn in spesjale atlas steane de problemen foar it ferkear yn Noard-East Fryslân. De ferkearsorganisaasje 3VO en de ANWB ha doarpsbewenners oer it ferkear ûnderfrege.

De útkomst is yn in atlas ferwurke, dy't ek op ynternet komt. Noard-East Fryslân is it meast ûnfeilige part fan de provinsje wat ferkear oangiet. Dat komt troch it grutte tal lytse diken. Ek de rûge mentaliteit yn de Wâlden spilet in rol.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)