Poiesz net mear de bêste super

© Omrop Fryslân
Poiesz is net langer de bêste supermerk fan Nederlân. Dat docht bliken út it ûndersyk fan Foodmagazine. It tydskrift komt twa kear per jier mei sifers oer wat klanten fine fan de supermerk. Poiesz stie de lêste jierren atyd by de earste twa. No is de saak sakke nei in fjirde plak.
Yn de top 5 steane inkeld regionale supermerken. Dy ha in bettere bining mei de klanten en freonlik personiel. Op ien stiet Deen út Noard- Hollân.