Opliedingsnivo Fryslân te leech

18 des 2003 - 00:00

De provinsje Fryslân wol it lege opliedingsnivo fan de Friezen oanpakke. Fryslân docht it net goed yn ferliking mei oare provinsjes. Sa geane yn ús provinsje te min minsken nei it heger fuotset ûnderwiis, lykas Havo en VWO.

De measte learlingen, mear as 60%, giet nei it legere fuortset ûnderwiis, it VMBO. Dat persintaazje leit folle heger as it lanlik gemiddelde. Dit stiet yn in ûnderwiisnota dy't tongersdeitemoarn presintearre waard.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)