Fryslân krijt nije keunstpriis
Fryslân krijt in priis foar byldzjende keunst. In grutte mearderheid fan de steaten stimde woansdei foar in foarstel fan de Partij van de Arbeid foar it ynstelling fan de Gerrit Brennerpriis.
Brenner wie in Fryske keunstner en byldhouwer, dy't him ynspirearje liet troch it Fryske lânskip. De priis, fan 5000 euro, sil om de twa jier takend wurde.