Ljouwert wol Sportwerk stypje

18 des 2003 - 00:00

De gemeente Ljouwert wol alles dwaan om de ID-ers fan stifting Sportwerk Fryslân oan it wurk te hâlden. Koartlyn liet Sportwerk wite de 37 wurknimmers dy't fia de stifting oan it wurk binne, dien te jaan.

Wethâlder Van Mourik liet de gemeenterie woansdei wite dat er earder al jild beskikber steld hie om ta in oplossing te kommen. Sportwerk liet it der lykwols by sitte, om't der troch oare gemeenten gjin help tasein waard.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)