'Polityk spultsje VW Netwerk'

© Omrop Fryslân
Wurknimmers fan Volker Wessels Netwerk Bouw yn Drachten tinke dat de direksje in polityk spultsje mei har spile hat. It bedriuw, dat fêste en mobile netwurken bout, makke woansdei bekend dat de festiging yn Drachten slute sil.
80 fan de 90 wurknimmers sille dêtroch har baan ferlieze. Oardel jier lyn naam Volker Wessels de ôfdieling yn Drachten oer fan KPN. No wurdt der, neffens it personiel, in wei fûn om fan de âld-KPN'ers ôf te kommen.