'Mear dwaan foar Fryske ekonomy'

© Omrop Fryslân
Fryslân set har te min yn foar de eigen ekonomy. Dat seit CNV-foarsitter Doekle Terpstra. Hy reagearret dêrmei op de sifers oer de tastân fan de Fryske ekonomy dy't woansdei bekend waarden. Ut it saneamde ERBO-ûndersyk kaam nei foaren dat de Fryske ûndernimmers in min jier trochmeitsje.
Terpstra stelt dat noch skerper. Hy fynt de ekonomyske omstannichheden yn Fryslân dramatysk. Hy mist in Frysk lûd yn it nasjonaal debat oer de ekonomy.