90 ûntslaggen yn Drachten

17 des 2003 - 00:00

VW-Netwerk Bouw slút de festiging yn Drachten. Dêr wurkje njoggentich minsken. Ek festigings yn Apeldoorn en Geleen gean ticht. Twongen ûntslaggen binne neffens de direksje net foar te kommen.

Netwerk Bouw makket fêste en mobile kommunikaasjenetwurken. De dalende omset en de minne ekonomy meitsje dizze yngreep needsaaklik, sa seit de direksje. Yn oerlis mei de fakbûnen komt der in sosjaal plan.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)