Fergees miel foar âlderen

17 des 2003 - 00:00

In groep âlderen mei kommende moandei fergees ite yn it restaurant fan in grutte lanlike keten yn Hurdegaryp. It krystdiner wurdt organisearre troch de âlderenbûnen en it Nationaal Fonds Ouderenhulp. Dy soargje ek foar it ferfier nei it restaurant.

De organisaasjes wolle mei dit inisjatyf âlderen yn dizze drege tiden opmoedigje. In soad âldere minsken komme troch de besunigingsmaatregels yn 'e knipe.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)