Bysûndere bystân wurdt ôfskaft

© Omrop Fryslân
Minsken mei in bystânsynkommen krije fan takom jier ôf gjin ekstra jild mear foar in waskmasine of in kuolkast. Troch in nije wet krije gemeenten gjin jild mear foar de bysûndere bystânsregeling.
Ljouwert besiket de regeling noch wol yn stân te hâlden foar 65-plussers. Smellingerlân joech altyd ekstra jild foar grutte oanskaffen. Dat hâldt no op. Takenning fan it jild wurdt no fan gefal ta gefal besjoen.