Banen fuort by Palet

© Omrop Fryslân
By de stifting Palet ferdwine twintich banen sûnder twongen ûntslaggen, seit direkteur Medema. De stifting beheart fersoargings- en ferplegingssintra en der wurkje 1400 minsken by. De sintra krije 7% minder Ryksjild. Ien fan 'e maatregels is dat der minder aktiviteiten foar bewenners komme, bygelyks in Sinteklazefeest. Fierders moatte de meiwurkers soarch oan klanten better registrearje, sadat der mear jild binnenkomt.