Twa NL-Awards foar Omrop Fryslân

16 des 2003 - 00:00

Omrop Fryslân hat tiisdei yn Hengelo twa NL-awards wûn. Dat binne prizen foar de bêste programma's fan de regionale omroppen. It sportprogramma Boppeslach wûn in award foar de reportaazje oer 'De sande klasse A'. Fierder krige it programma Wyn op Woansdei in NL-award foar it programma oer boksskoalle Olympia yn Ljouwert.

Omrop Fryslân wie mei fjouwer reportaazjes nominearre. Ferline jier wûn de Omrop ek al twa awards.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)