Bedriuwsnamme Woudsend ferdwynt

© Omrop Fryslân
It ferdwinen fan 'e namme Woudsend Verzekeringen docht sear yn Wâldsein. It bedriuw wurket al sûnt 1816 ûnder de namme Woudsend. Mar memmemaatskippij Fortis wol har trije selsstannige fersekeringsbedriuwen Amev, Woudsend en Stad Rotterdam ûnderbringe ûnder ien nije namme.
Dit betsjut dat de namme Woudsend Verzekeringen yn 2005 ferdwynt. Der ferdwine yn Wâldsein gjin arbeidsplakken, it kantoar bliuwt ek.