550 lokwinsken foar Amalia

16 des 2003 - 00:00

Yn Kollumerlân ha 550 minsken it register tekene om dêrmei prinses Amalia lok te winskjen. De gemeente hie op fiif plakken sa'n register dellein. De formulieren mei de lokwinsken wurde dizze wike nei prins Willem-Alexander en prinses Máxima tastjoerd.

Op deselde bertedei as Amalia is yn de gemeente ien jonkje berne. Boargemaster Bilker sil freed op poppeslok by Harry Bartele Nicolai. It jonkje krijt in sulveren berteleppel fan de gemeente.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)