DJ's tsjin sinleas geweld

16 des 2003 - 00:00

Fryske DJ's draaie tsjin sinleas geweld. Fjouwer plaatsjedraaiers dogge mei oan de lanlike aksje dy't sneon hâlden wurdt. Ien fan har is DJ Salmo. Se draait yn Coltrane yn Ljouwert.

De DJ's jouwe har lean oan de stichting Tegen Zinloos Geweld. Yn Nederlân en België wurkje 120 DJ's mei oan de aksje. Se wolle dúdlik meitsje dat by it útgean gjin agressy en geweld hearre en besikers moatte har der bewust fan wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)