Syktocht nei fermiste man

© Omrop Fryslân
In 75-jierrige man út Boalsert wurdt sûnt sneon fermist. De plysje, brânwacht en dûkers ha moandei nei him socht. Se ha neat fûn. De man is sneontenacht foar it lêst sjoen. Nei alle gedachten rûn er doe fan it sintrum nei hûs ta.
De famylje kaam der snein achter dat er net thús wie en belle de plysje. Rêdingshûnen ha tiisdei ek fergees nei him socht. De plysje tinkt net dat der sprake is fan in misdriuw.