Opfang foar jong-deminten

15 des 2003 - 00:00

Yn Ljouwert is moandei It Trefpunt iepene, it earste opfanghûs foar jong dementearenden. De opfang is ornearre foar minsken fan 40 jier ôf.

Yn Fryslân is in tekoart oan goeie opfang foar jong demintearenden. Yn de Fryske soarch wie dêr noch gjin goed plak foar. Faak komme jong demintearenden yn ferpleechhuzen of yn de psychiatry telâne. Der moatte noch trije opfanghuzen komme, foar de twahûndert man dy't opfang nedich ha.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)