Jonge omkommen by ûngelok

15 des 2003 - 00:00

Op de Hollanderdyk yn Ljouwert is moandeitemiddei in 18-jierige jonge om it libben kommen. Dat barde by in ferkearsûngelok. De jonge ried op in brommer en kaam frontaal yn botsing mei in metalen stek.

Der is noch besocht de jongen te reanimearjen, mar dat hie gjin effekt. De oarsaak fan it ûngelok is noch net bekend.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)