Sibon foarearst útskeakele

15 des 2003 - 00:00

Hearrenfean-spits Gerald Sibon komt woansdei wis net yn aksje yn 'e achtste finale fan 'e Amstelcup tsjin NEC. Hy foel ôfrûne sneon by RBC nei in kertier út. De spits rekke blessearre as gefolch fan in ûngelokkige sliding, dêr't er ek noch in giele kaart foar krige. Sibon is blessearre oan syn rjochter ankel.

Sibon giet der fanút dat syn winterstop begûn is. Hy is topskoarer by Hearrenfean mei acht goals.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)