SBB wol dunen ôfbaarne

15 des 2003 - 00:00

Staatsbosbeheer wol op Skylge in proef dwaan mei it ôfbaarnen fan dunen. Dat moat de ferrûging op it eilân tsjingean. Troch de ferrûging fan de dunen wurde karakteristike plante- en bistesoarten bedrige.

Om sa min mooglik skea oan de natuer oan te rjochtsjen, wol Staatsbosbeheer it ôfbaarnen yn de winter dwaan. De risseltaten wurde ûndersocht. Ferline jier is in fergelykber eksperiment dien op it Amelân.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)