Stankoerlêst fier boppe de noarm

© Omrop Fryslân
De stankoerlêst fan Sonac, it eardere Rendac, yn Burgum is folle grutter as de noarmen tastean. Dat docht bliken út mjittings fan de provinsje. Sonac hat in warskôging krigen.
De provinsje hat de stank fan it destruksjebedriuw yn septimber en oktober metten. Dêr die út bliken dat Sonac fier boppe de besteande noarmen siet. De oerlêst wurdt metten yn 'geur'ienheden - 18.000 is tastien, mar der waard geregeld 30.000 metten.