Seehûntsjes reitsje mem kwyt

15 des 2003 - 00:00

De stoarm fan it ôfrûne wykein hat slachtoffers makke ûnder jonge seehûntsjes. It earste slachtoffer is al binnenbrocht by de seehûnekresj yn Pieterburen. It bist waard fûn op Skylge. It wie de mem kwyt.

Krekt yn dizze tiid krije de grize seehûnen jongen. Dy komme de earste wiken net fan de sânbanken ôf en binne dan ekstra kwetsber. Nei de stoarm is in groep sinjalearre op in sânbank de Richel en acht by Flylân.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)