Woudagemaal springt wer by

© Omrop Fryslân
Wetterskip Fryslân hat it Woudagemaal by Teakesyl yn wurking set. Fanwege de oanhâldende rein fan de ôfrûne wike kinne de gewoane sluzen it wetterspuien net oan. Trochstrings is der 38 milimeter fallen.
Moandeitemiddei is it Woudagemaal begûn te meallen. De ferwachting is dat it gemaal twa of trije dagen yn bedriuw wêze sil. Publyk is moandei noch net wolkom op Teakesyl, mar tiisdei wol.