Heak moandei yn Twadde Keamer

© Omrop Fryslân
De regearingspartijen CDA, VVD en D66 dogge moandei yn de Twadde Keamer alle war om jild foar de Heak om Ljouwert beskikber te krijen. Dat moat barre foar de perioade nei 2010. Betingst foar de partijen is wol dat der in goeie oplossing foar it úteinlike trasee fan de dyk komme moat.
Minister Peijs hat har oant no ta noch net fêstlein op jild foar de Heak. As der moandei jild tasein wurdt, kin de oanlis yn 2007 begjinne.