Hans Lolkema de sterkste man

© Omrop Fryslân
De beul fan Sleat, Hans Lolkema(31), waard snein yn Balk de sterkste man fan Fryslân. It kampioenskip bestie út fiif ûnderdielen lykas it draven mei gewichten fan 100 kilo en it omheech smiten fan gewichten.
Twadde waard de Lemster Algerijn Sidhamed Kessab. Robert Zaal fan Bûtenpost waard tredde. Grutte ôfwêzige wie titelferdigener Alle Bergsma fan Wâldsein. Der diene 16 sterke manlju mei.