Flootman wint Molenloop

14 des 2003 - 00:00

Ritske Flootman fan Menaam wie sneon de ferrassende winner fan de Molenloop yn Froubuorren. De wedstriid waard ferrûn ûnder barre omstannichheden, mei rein en in stevige wyn. Favoryt René van Kaam kaam pas by de start, doe't de rest al hast in heale minút fuort wie.

Hy begûn in ynhelrace, mar slagge der net yn om Flootman te pakken. Dy wûn de heale maraton yn 1.20,49. Van Kaam kaam yn 1.22,40 binnen. Saco Hemstra fan Weidum waard tredde yn 1.24,24.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)