'Brada hie iepen bliuwe kinnen'

14 des 2003 - 00:00

De Friesland Bank en de Noordelijke Ontwikkelings Maatschappij, de NOM, seagen noch wol heil yn it iepenhâlden fan slachterij Brada yn Ljouwert. Dat docht bliken út de dokumintêre 'De ûndergong fan Brada' dy't snein útstjoerd wurdt troch Omrop Fryslân.

Op 1 augustus dit jier waard dochs it fallissemint útsprutsen. Sawol âld-direkteur Benno Brada as âld-wurknimmers fan it bedriuw binne derfan oertsjûge dat it oars kinnen hie.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)