Koudum wurdt opknapt

14 des 2003 - 00:00

Koudum moat wer de útstrieling krije fan in haadplak. Om dat doel te beriken wurdt it doarp te kommende jierren flink oanpakt. Sa krijt it sintrum in opknapbeurt, komme der nije huzen en krijt it doarp in multyfunksjonele akkomodaasje.

Dêryn krije ûnder oare de skoalle, de lokale omrop, de biblioteek en it jeugdwurk in plakje. Sneon waarden de ynwenners fan Koudum op in gearkomste op de hichte steld fan de plannen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)