Kontrôle brânfeiligens op Amelân

© Omrop Fryslân
Alle 96 bedriuwen op It Amelân dy't sliepplak biede oan toeristen, moatte foar 1 april takom jier oan de brânfeiligenseasken foldwaan. De brânwacht sil fan jannewaris ôf de bedriuwen op it eilân kontrolearje.
Om't toerisme foar it eilân tige wichtich is, wurdt der ekstra faasje set achter de kontrôle fan sliepakkomodaasjes. Foar it útfieren fan de kontrôles binne ekstra minsken oannaam en oplaat.