Lytse feesttinte Readtsjerk om

© Omrop Fryslân
Yn Readtsjerk is sneontemoarn de lytse feesttinte ynwaaid. It doarp brûkte de feesttinte foar de krystmerk. De ynwenners fan Readtsjerk soene sneontemoarn meiinoar kofje drinke yn 'e tinte, doe't de tinte troch de hurde wyn en it reinwetter ynsakke.
De tinteferhierder draait sels foar de skea op, omdat hy de tsjerke fan Readtsjerk net op kosten jeie wol. De krystmerk hat 12.000 euro opsmiten foar in skoalleprojekt yn Brazilië.