Marsumers net yn 'De Trap'

© Omrop Fryslân
In tal Marsumers soene no moandei nei Endemol-televyzjeshow De Trap fan SBS yn Aalsmeer. Dat mei it doel om jild te fertsjinjen foar de Herfoarme Tsjerke yn it doarp. It jild is nedich om de kjifkrobbe út de tsjerke te ferwiderjen.
Op 5 desimber krige in delegaasje fan de stifting 'De krobbe der út' lykwols in telefoantsje dat it feest net trochgean koe. De show is fan it skerm helle fanwege gebrek oan súkses. De Marsumers binne fansels bot teloarsteld.