Nijbou Kealledykje djoerder

13 des 2003 - 00:00

De nijbouplannen fan swimbad It Kealledykje falle 2.500.000 euro djoerder út as pland wie. Dat skriuwt wethâlder Tom van Mourik yn in brief oan de leden fan de gemeenteried. Van Mourik freget de riedsleden akkoart te gean mei de ferheging fan it kredyt fan 5.500.000 euro nei 8.000.000 euro.

Unwis is oft de plannen foar in nij 25 meter bad en in doelgroepebad no wol trochgean. Giet de ried dochs akkoart, dan moat it bad ein 2006 klear wêze.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)