Lêste azc Fryske haadstêd ticht

© Omrop Fryslân
Asylsikerssintrum Burmaniahûs by de Ljouwerter fleanbasis sil yn 'e hjerst fan 2004 slute. De Fryske haadstêd ferliest dêrmei it lêste asylsikerssintrum. Earder al is de Bonkefeart sletten en yntusken sels al sloopt.
It wie altiten it doel fan Ljouwert om ien permanint azc te behâlden. Dat rint no oars, want it COA hat besletten dat it Burmaniahûs ticht giet en der komt ek net in oare opfang foar werom.