10 minsken fuort by Eldon

© Omrop Fryslân
By skeakelkastebedriuw Eldon yn Drachten krije tsien minsken twongen dien. Nei it ynstoarten fan de telekomsektor sit Eldon yn swier waar. De tsien minsken dy't ûntslach krije, krije ôfhinklik fan har leeftyd, maksimaal fjouwer jier lang in oanfolling op har útkearing of nije salaris.
De âldste wurknimmers krije ta har pensioen in oanfolling en komme dêrtroch net yn de WW.