Slaanderij yn Bilgaard, Ljouwert

© Omrop Fryslân
Twa groepen fan mei inoar seis manlju tusken de 16 en 38 jier hiene freedtemoarn rúzje yn de Ljouwerter wyk Bilgaard. De iene groep achterfolge de oare op de Brandemeer. By de brânwachtkazerne krigen se slaanderij.
De manlju sloegen inoar mei stikken hout en honkbalkneppels. De plysje hat fjouwer persoanen oanhâlden. Sy wurde heard. Wêr't de rúzje krekt om wie, is noch net bekend. Ien jonge rekke ferwûne en leit yn it sikehûs.