Wer konsjerzje oan seks-chatten

12 des 2003 - 00:00

It Comenius yn Ljouwert komt mei nije, strange maatregels foar ynternet op skoalle. Oanlieding is it twadde gefal fan in konsjerzje dy't seks-chatte mei learlingen. Yn novimber is in konsjerzje fan de VMBO-festiging fan Comenius oppakt fanwegen oanranding fan in learlinge.

No docht bliken dat yn dyselde perioade ek in oare konsjerzje seks-chats hâlde mei in learling. De skoalle komt takom jier mei in dúdlik ynternetprotokol.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)