Soepboer yn nije 'Dikke Komrij'

© Omrop Fryslân
Albertina Soepboer komt yn de nije 'Dikke Komrij'. Neist de Fryske skriuwster nimt Gerrit Komrij tal fan nije, jonge dichters op yn syn nije blomlêzing fan de poëzij. Under har in soad dy't yn Grins literêr aktyf binne.
Jongste dichter dy't yn de poëzijbibel opnommen wudt is Quirien van Haelen (22). De fjirde edysje ferskynt 29 jannewaris op de Lanlike Gedichtedei. Fan eardere edysjes binne mear as 100.000 eksimplaren ferkocht.