Borst wint maraton yn Assen

© Omrop Fryslân
Ruud Borst hat tongersdei de maraton yn Assen wûn. De twa meter lange reedrider út Sint Nyk wie yn de sprint rapper as Jeroen de Vries (ek út Sint Nyk) en Erik Hulzebosch. Peter de Vries fan It Hearrenfean waard fjirde yn de fjirde wedstriid fan de seisdaachse.
Yn it klassemint stiet Borst no twadde achter de Amerikaan KC Boutiette. Hy wûn de trije eardere wedstriden fan de Greenery-maratons.