Gjin prestaasjelean foar plysje

© Omrop Fryslân
De plysje Fryslân rint hûnderttûzenen euro's mis. Dat komt om't se ferline jier net goed genôch presteard ha, yn fergeliking mei 2001. De oerheid hat as oantrún de prestaasjebeleanning ynsteld.
Minister Remkes kent de Fryske plysje gjin jild ta. De plysje is op trije fan de 19 punten dy't kontrolearre wurde, ferbettere. Saken as beskikberheid en de tefredenheid fan it publyk oer de plysje binne net genôch ferbettere.