Iistidemuseum yn Bûtenpost?

11 des 2003 - 00:00

By De Kruidhof yn Bûtenpost komt mooglik in iistidemuseum. In kolleksje fan prehistoaryske stiennen wurdt útstald. It projekt kostet 150.000 euro. De inisjatyfnimmers tinke dat jild te krijen troch subsydzjes fan plattelânsprojekten, it bedriuwslibben en de gemeente Achtkarspelen.

De gemeente hat al in fjirde part fan it bedrach tasein. Ek plattelânsprojekten binne posityf. De bou moat yn 2005 klear wêze.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)