Mear allochtoanen ferlieze baan

© Omrop Fryslân
Under allochtoanen is de wurkleasheid de lêste twa jier mei de helte tanommen. Fral Marokkanen en Turken ferlearen har baan. Under autochtoanen gie it tal wurkleazen oer deselde perioade mei tritich prosint omheech.
In mooglike oarsaak is it lytse tal allochtoane ûndernimmingen. Lanlik sjoen is de wurkleazens by allochtoanen mei 30 prosint omheech gien. Fryske allochtoanen wurde mooglik earder oan 'e kant set yn tiden fan resesje.