Seltekoart yn de Marwei

© Omrop Fryslân
De Marwei hat gjin plak foar dieven dy't faker as ien kear pakt wurde. Dat seit de direkteur fan de finzenis yn Ljouwert. En dat wylst de gemeente koartlyn oanjoech dat sokke kriminelen al fan jannewaris ôf foar langere tiid de sel yn moatte. Neffens de direkteur is der pas takom jier maaie selromte.
De 50 oant 100 dieven soargje foar in soad oerlêst. Nei in feroardieling steane se faak gau wer bûten. Ljouwert praat moandei oer it seltekoart.