Gjin romte foar kokkelfiskerij

© Omrop Fryslân
Foar de meganyske kokkelfiskerij is gjin romte mear. Dat is de konklúzje dy't natoerorganisaasjes lûke út EVA2. Dat is in wittenskiplike evaluaasje fan it skulpdierebelied fan de ôfrûne 10 jier. It rapport waard tongersdei oanbean oan lânbouminister Veerman.
De ûndersikers stelle dat troch de kokkel- en mokselsiedfiskerij te min iten oerbliuwt foar de strânljippen en de eidereinen. Neffens de Waadferiening is der dan mar ien konklúzje mooglik.