NS wol treinen oars ride litte

© Omrop Fryslân
Reizgers dy't nei de Rânestêd wolle, moatte yn de takomst faker oerstappe. Jo dogge der sadwaande langer oer om op je bestimming te kommen. Ien en oar is it gefolch fan de nije takomstfyzje fan de NS. Dat is in soarte fan weryndieling fan it spoar.
Mei dat plan wol de NS fertragings tsjingean. De plannen sille net goed útpakke foar de treinreizgers dy't yn Ljouwert in oansluting fan bus of trein helje wolle.