Rjochtbank moat saak behannelje

10 des 2003 - 00:00

De rjochtbank yn Ljouwert moat de saak dy't it Snitser riedslid Auke Wouda oanspand hat dochs behannelje. Earder wiisde de rjochtbank de saak ôf om't de stikken te let ynlevere wêze soene. De Ried fan Steate hat woansdei lykwols bepaald dat dit net oantoand is en dat dêrom de saak behannele wurde moat.

De saak draait om de fergoeding foar riedsleden. Wouda fynt dat dêr gjin ferskil yn sitte mei. No is der in ferskil tusken A- en B-riedsleden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)