'Frysk referindum is binend'

© Omrop Fryslân
De útslach fan it Fryske referindum oer de magneetsweeftrein moat binend wêze foar Fryslân. Dat fynt de steatefraksje fan de ChristenUnie/SGP. De fraksje reagearret dêrmei op in ynterview mei de Grinzer kommissaris Alders yn de Volkskrant fan woansdei.
Dêryn suggerearret Alders dat de fjouwer noardlike provinsjes mei inoar in referindum oer de sweeftrein hâlde sille. De útslaggen per provinsje soene dan net mear telle.