Penisilline yn molke

© Omrop Fryslân
It tsiisfabryk fan Frico Cheese yn Warkum hat ferline wike 500.000 liter molke ferneatige, om't der te folle penisilline yn siet. De fersmoarging wie mar leafst 140 kear boppe de tastiene wearde.
Mooglik wie der sprake fan sabotaazje. Personiel fan it fabryk kaam de fersmoarging op it spoar by in rûtinekontrôle. De greidboer út Hommerts dy't de molke levere hat, hat oanjefte dien by de plysje.