Popprogrammeur krijt gjin jild

10 des 2003 - 00:00

De Ljouwerter popprogrammeur Harry Muis krijt gjin salaris fan de gemeente. Alteast dat sil it advys wêze fan de riedsgroep dy't him dwaande hâldt mei de popkultuer yn de stêd.

Harry Muis en syn stichting Het Podium krije wol subsydzje fan de stêd om popbands te programmearjen. Muis wol ek in fergoeding ha yn de foarm fan lean foar syn wurk. Hy hat al oanjûn oars syn wurk as popprogrammeur del te lizzen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)